PietCast

Follow PietCast
Share on
Copy link to clipboard

It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr’t it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy’t ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma. Sa ien kear yn de moanne dûkt Wim Brons tegearre mei Piet djipper it waar yn…

Omrop Fryslân

    • Nov 30, 2021 LATEST EPISODE
    • monthly NEW EPISODES
    • 16m AVG DURATION
    • 54 EPISODES

    Search for episodes from PietCast with a specific topic:

    Latest episodes from PietCast

    Even trochprate oer de kommende winter(foarsizzing) (#31)

    Play Episode Listen Later Nov 30, 2021 12:13

    Piet hat syn foarsizzing foar takom winter bekend makke. Wim nimt it troch mei ús waarman: op syn minst in wike op natueriis en fierder net sa stabyl... Fierder hat Piet syn hûs yn Harns te keap en ek dêroer giet it in momintsje yn dit lytse kertier waarpraat online. Set 'm op en stay tuned!

    Op de pier yn Harns oer COP26, oer it klimaat dus. En oer it waar fan no (#30)

    Play Episode Listen Later Nov 5, 2021 16:47

    Op de pier yn Harns oer COP26, oer it klimaat dus. En oer it waar fan no (#30) Nou ja, Piet en Wim litte harren wat ôfliede troch it plak fan de âlde misthoarn fan Harns en troch it radioljochtskip Jenni Baynton yn de Willemshaven, mar it grutste part fan dizze PietCast giet dochs écht, sa't it heart, oer it waar! Piet hat syn twivels oer of it slagje sil de CO2 útstjit te ferleegjen. Fansels hawwe we it dêroer fanwege de miljeutop dy't dizze dagen holden wurdt yn Glasgow. Dat dêr al ôfsprutsen is de ûntbossing tsjin te gean fynt Piet wichtig. Fierder hawwe Piet en Wim it koart oer de winter en oer it waar fan dizze wike. Wér in kertierke legedruk waarpraat op ynternet! Stay tuned, hjir, yn Spotify en yn oare podcast apps en oars op YouTube, want der is ek fideo by dit petear:

    Indian summer, 25 jier TV en mear (#29)

    Play Episode Listen Later Sep 9, 2021 10:52

    Piet & Wim besprekke rinnend yn de Ingelske Tún yn Harns de simmer, dy't no sa'n bytsje achter ús leit. Ha gjin noed: ek at it waar alwer minder is kinst dit praatsje noch goed hawwe hear! It giet ék oer Piet's 25 jierren lanlike telefyzje, oer Piet's nije skuorkalinder (ja, écht) en fansels foarsichtich oer de kommende hjerst. In goeie tsien menúten lege druk waarpraat op ynternet, moai das't wer even mei hearst. By dizze podcast is ek in fideo op ús YouTube kanaal:

    Simmer 2021! PietCast #28

    Play Episode Listen Later Jun 1, 2021 15:26

    Piet Paulusma mei syn foarsizzing foar dizze simmer yn de nije PietCast. It giet knap dizze dagen, dus we krije der nocht oan. Mar hoe komt it fan 't simmer? Wat is der no al oer te sizzen? Wim Brons freget it oan ús waarman. En wat is der mear te rêden? In skeurkalinder! Piet komt mei syn eigen kalinder. Nou, der hawwe we it ek even oer. Set 'm op! En foar noch mear aardichheid, besjoch de 360 graden fideo by dizze podcast op YouTube, opnaam yn de waarkeamer fan Piet.

    1979 wurdt it net, toch Piet? (#27)

    Play Episode Listen Later Feb 4, 2021 13:23

    Nije wike iis! Mar dat wurdt wol bobbeltsje iis tink Piet? Mei al dy snie en wyn earst.. Piet leit út dat it in útsûnderlike en bysûndere sitewaasje is en yn dizze podcast giet it oer alle aspekten fan dy kommende winterwike. Stay tuned foar wer in lyts kertier lege-druk waarpraat op ynternet: de PietCast. Mei fansels ús waarman Piet Paulusma en presintator Wim Brons

    Winter 2020/21: op natoeriis seit Piet! (#26)

    Play Episode Listen Later Nov 30, 2020 6:51

    Yn dizze nije edysje fan de PietCast praat Wim mei Piet oer syn winterfoarsizzing: langer as twa dagen op natoeriis, mear winter as ferline jier! Ek kwakkelwaar en mooglik perioaden mei relatyf waarm waar. Hear yn dizze podcast de wiidweidiger útlis fan ús waarman Piet Paulusma oer syn blik op de kommende winter.

    Wannear komme we ûnder de 10 graden? En hokker tellerke stiet der tsjin dy tiid op 35?? (#25)

    Play Episode Listen Later Nov 20, 2020 16:15

    Yn dizze nije PietCast, de podcast mei waarman Piet Paulusma, sjogge Piet en presintator Wim Brons nei desimber, want dan wurdt it 10- en 35+ at it in bytsje mei sit. En fierder hawwe we it fansels oer it waar en de ekstremen fan dizze dagen en de lêste wiken. In goed kertier ûntspannen waarpraat en sa hawwe je samar in legedrukgebiet op ynternet. Kinne we wol brûke!

    Simmer 2020 (#24)

    Play Episode Listen Later Jul 4, 2020 17:38

    Piet Paulusma en Wim Brons sjogge elkoar wer ris even yn de eagen sûnt it begjin fan de corona krisis. We hawwe it wiidweidich oer drûchte en delslach, oer de kommende simmer, oer Piet's aktiviteiten by Max en ek noch even oer de corona. Al moat de konklúzje wêze dat ek dizze hearen gjin virolooch binne. Mar wól wer in moai lyts kertierke legedruk waarpraat yn dizze nije ôflevering fan de PietCast, in soad wille by it belústerjen derfan!

    Winterstoarmen, simmerbannen, ekstremen, Piet Op1 en hoe giet it by Max Piet? (#23)

    Play Episode Listen Later Feb 15, 2020 15:47

    It earste kertierke waarpraat online mei Piet fan 2020. Noflik? Jawis! Utspraken? Ja ek: 'As de waarme Golfstream yn de oseaan omdraait ferwachtsje ik net binnen sân, mar binnen fiif jier in Alvestêdetocht'. En Piet is tenei ien kear yn de moanne te gast by de talksjo Op1 mei eftergrûnen by it waar. Piet Paulusma yn in nij legedrukgebiet op ynternet: PietCast #23!

    Piet to the MAX! (#22)

    Play Episode Listen Later Dec 11, 2019 15:57

    'Hoe koe dat no útlekke man?' Fraach 1 fan Wim Brons oan Piet en sa hawwe we it yn dizze PietCast 22 fral oer de oerstap fan Piet nei NPO1, MAX. En in ietsiepietsie oer de winter. 'Is it te myld?' Nee, seit Piet, en it wurdt wat kâlder mar garânsjes op in wite Kryst komme der seker net. Stay tuned foar wer in kertierke prima waar- en mediapraat yn dit stasjonêre legedrukgebiet op ynternet: de podcast mei Piet Paulusma!

    Winter 2019/20: Hoe komt it Piet? (#21)

    Play Episode Listen Later Oct 25, 2019 11:34

    Us waarman Piet Paulusma hat syn ljocht skine litten oer de kommende winter yn syn earste winterfoarsizzing. Yn dizze nije PietCast, de podcast fan Piet, praat Wim Brons der mei him oer troch. Spoilerke: It wurdt kâlder én wikselfalliger as oare winters. Mar hear wer nei in goeie tsien menúten ûntspannen waarpraat yn dit legedruk gebiet op ynternet: de PietCast!

    Ekstreme simmer troch klimaatferoaring en it klimaatbelied (#20)

    Play Episode Listen Later Aug 30, 2019 26:45

    Sa'n bytsje oan de ein fan dizze simmer is it tiid om Piet Paulusma wer ris even op te sykjen foar de PietCast. Yn Harns praat Wim Brons yn de tweintichste edysje fan de podcast mei Piet oer it útkommen fan syn simmerfoarsizzing. Ek hawwe beide mannen it oer it feroarjende klimaat en oer Piets twivels of alle feroaringen wol troch CO2 komme. En is der neffens Piet wol genôch draachflak foar alle maatregels dy't no op stapel steane? Fierder steane de ûnderwerpen tonger en bliksem op it programma en fansels wol Wim fan Piet witte hoe't it stiet mei 'de kopkes kofje mei mediabazen'. In lyts heal oerke ûntspannen waar- en klimaatpraat yn it lege drukgebiet op ynternet yn de tweintichste PietCast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons

    Piet's simmerfoarsizzing 2019 (#19)

    Play Episode Listen Later May 31, 2019 17:32

    Alle jierren komt Piet Paulusma mei in foarsizzing foar de simmer. Yn dit legedrukgebiet op ynternet, de PietCast, prate Piet en Wim diz'kear oer Piet's ferwachting foar dy simmer. Wurdt it wer sa'n ekstreme simmer as ferline jier? Yn de njoggentjinde PietCast sjocht Piet foarút op it waar de kommende simmer. De streamingspatroanen fan de ôfrûne winter en no yn de maitiid sjogge der hiel oars út as ferline jier. Dat hat er meinaam yn syn foarsizzing. Wér in kertierke legedruk waarpraat yn dizze 19e edysje fan de PietCast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Mailtsje kin nei Wim Brons

    piet wim yn piet paulusma pietcast wim brons wurdt

    In sniebui?, mediastoarm en wetterpeil (#18)

    Play Episode Listen Later Mar 29, 2019 13:57

    Yn dit legedrukgebiet op ynternet, prate Piet en Wim diz'kear oer de ferwachting foar de earste wiken fan April. Fierder drinkt Piet in soad kopkes kofje mei mediabazen yn it lân en liket it de goeie kant op te gean mei de grûnwetterstân. Gjin nijs? Dochs wol, altyd! En oars jou je je gewoan even del by wer in lyts kertier legedruk waarpraat yn dizze 18e edysje fan de PietCast. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons

    Maitiid yn febrewaris, mediashift én de Wetterskipsferkiezings (#17)

    Play Episode Listen Later Feb 28, 2019 18:01

    Yn dizze 17de ôflevering fan de podcast oer it waar mei Piet Paulusma praat Wim Brons mei ús waarman fansels oer de rekôrds fan de ôfrûne dagen. Fierder hat Piet noch hieltyd de hannen fol oan de mediastoarm om syn fuortgean, ein dit jier by SBS6, hinne. En der wurdt praat oer de Wetterskipsferkiezingen. Piet is in grut fan fan it Wetterskip en kin it belang fan dy organisaasje net genôch klam jaan. Dochs bliuwt de fraach: moatte wy stimme en sa ja: wêrop dan? Stay tuned foar in lytse 20 minuten lege-druk-waarpraat! Reaksje of fraach? Graach. We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons.

    Winter, hoe komt it dermei? Wurdt it écht spannend de kommende wike? (#16)

    Play Episode Listen Later Jan 16, 2019 11:49

    Aaaa, komt-ie der dan no, dy winter? Foar it wykein binne de ferwachtingen aardich ûnder 0 nachts. Mar dan? Set it troch? Wim Brons praat mei Piet Paulusma oer de achtergrûnen, fansels yn goeie sfear. Hear in goede tsien minúten nei de jannewaris edysje fan Omrop Fryslâns PietCast, de podcast fan ús waarman Piet Paulusma. Dizze podcast is publiseard op woansdei 16 jannewaris 2019 oan de ein fan de middei. Reaksje of fraach? Graach! We komme derop werom. Maile kin nei Wim Brons

    -20 yn de media, de tocht, de winter en boaiemdelgong (#15)

    Play Episode Listen Later Nov 23, 2018 17:32

    Yn de foarige PietCast sei Piet dat it wol -20 wurde koe dizze winter. Wim Brons, nea út op ûnnedige opskuor, relativearret soks en sette dat net yn de kop fan it berjocht as clickbait. In wike letter herhelle Piet syn -20 útspraak yn oare media en wienen de koppen yn sûkelaarje letters net fan de loft. Wim nimt yn dizze ôflevering mei Piet troch hoe't soks wurket en of hy wit dat sa'n -20 derút pikt wurde sil. Fierder mear oer de kommende winter, de eksakte datum fan de Alvestêdetocht en we hawwe it oer de fersnelde boaiemdelgong. Yn goeie sfear en ûntspannen fansels, want we hawwe de tiid: in lytse 20 menúten achtergrûnen-by-it-waar-praat. Stay tuned!

    Sûnens, ekstremen en in tipke winter (#14)

    Play Episode Listen Later Oct 26, 2018 13:53

    De earste PietCast nei de simmer. Heech tiid om by te praten nei de ekstremen, sawol yn it waar as op persoanlik flak. It waarbyld liket wer normale wearden te krijen; al is der noch in grut wettertekoart. En hoe dogge je dat: genietsje fan it moaie (nei)simmerwaar yn de wittenskip dat der dochs in tige ferûntrêstend patroan ûnder leit? Wat dogge de nijste berjochten fan it IPCC mei in professional as Piet? Ek sjogge wy al efkes foarút nei de winter. Mei watfoar oerwagingen yn de efterholle sjocht Piet it kommende seizoen temjitte?

    Drûchte, de Simmer en plaatsjes draaie... (#13)

    Play Episode Listen Later Jul 13, 2018 10:36

    Yn dizze lêste podcast foar de simmerfakânsje giet it oer fansels de drûchte en fansels de simmer. Wim Brons praat mei Piet breedút oer de achtergrûnen by it ekstreme waar. Wat ferwachtet Piet fierder fan de simmer? En hokker garânsjes kin hy dêr by jaan? De earste twa-en-in-heale menút geane oer it draaien fan plaatsjes. Dat hat Piet wer oppakt yn it programma fan Harm Weistra en ach, plaatsjes draaie is altyd noch leuk. Toch?

    toch piet simmer yn wim brons

    It waarme waar en Piets simmerfoarsizzing (#12)

    Play Episode Listen Later Jun 6, 2018 15:55

    Tsja, it moaie waar fan maaie hâldt mar oan en it liket wol of fynt elk it mar gewoan! Wim nimt troch mei Piet: de waarmte, de simmer(foarsizzing) en de ekstremen. Hawwe we sa stadichoan ek kâns op tornado's? Sille hagelstiennen tanimme yn diameter mei de grutter wurdende ekstremen? En: keunstgers is te hyt. Hear nei in kertierke serieus praat oer it waar fan no op in gelokkich net hieltyd serieuze toan.

    Tonger, kjeld én waarmte. En falsk ljocht? (#11)

    Play Episode Listen Later Apr 13, 2018 17:32

    Piet blikt mei Wim noch heel even werom op de iiswike. Mar op it stuit is it útsûnderlik waarm! Fierder giet it oer Sahara sân, de doarpsmole fan Hjerbeam, oer houtkachels en oer de hege snelheidstrein. Lêste berjochten binne dat dy like fersmoargjend is as it fleantúch. Neffens Piet moat we de holle koel hâlde en prioriteiten stelle. De PietCast is ek te finen yn Apple podcasts of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS

    Gryp, karnaval, ferdivedaasje, de winter en toch ek noch wer it klimaat (#10)

    Play Episode Listen Later Feb 16, 2018 13:28

    Ja, ja, ja de winter... Komt der noch wat? We hawwe it deroer, fansels! Mar Piet en Wim hawwe earst in menútsje as fjouwer 'smalltalk' oer gryp, karnaval en entertainment. En ta beslút: wat foar elementen út dizze winter binne streekrjocht ta te skriuwen oan de klimaatferoarings?

    Deltacongres 2017 yn Ljouwert, diel 2 (#9)

    Play Episode Listen Later Jan 11, 2018 13:24

    Begjin novimber wie yn Ljouwert it Deltacongres. Op útnoeging fan Deltacommissaris Wim Kuijken wienen wetterskippen út hiel Nederlân en oare beliedsmakkers te gast yn it WTC om ynformaasje út te wikseljen oer de stân fan saken omtrint klimaatferoaring en de maatregels en oplossings dy't dêrmei nedich binne. Piet Paulusma en Wim Brons wienen ek te gast en dienen yndrukken op. Hjir diel 2 fan 2 PietCasts fan dit kongres ôf.

    die l wtc nederl piet paulusma ljouwert wim brons pietcasts

    Deltacongres 2017 yn Ljouwert, diel 1 (#8)

    Play Episode Listen Later Nov 17, 2017 15:19

    Begjin novimber wie yn Ljouwert it Deltacongres. Op útnoeging fan Deltacommissaris Wim Kuijken wienen wetterskippen út hiel Nederlân en oare beliedsmakkers te gast yn it WTC om ynformaasje út te wikseljen oer de stân fan saken omtrint klimaatferoaring en de maatregels en oplossings dy't dêrmei nedich binne. Piet Paulusma en Wim Brons wienen ek te gast en dienen yndrukken op. Hjir diel 1 fan 2 PietCasts fan dit kongres ôf.

    Hurricanes. En it strân ûnder de 25 graden? (#7)

    Play Episode Listen Later Oct 12, 2017 15:32

    Hoe siet dat mei al dy orkanen? Wat hawwe wy dêr fan meikrigen? Wólle wy tsjintwurdich waarmere simmers? Ferwachtsje we dat? En in foarsichtige foarútblik nei de winter. Dêrby fral: hoe komt Piet ta syn winterfoarsizzing op 1 desimber?

    De simmerfoarsizzing (#6)

    Play Episode Listen Later Jun 30, 2017 17:14

    Yn dizze lêste PietCast foar de simmer giet it oer... de simmer! Piet makket alle jierren in simmerferwachting foar juny, july en augustus. Ien moanne fan dy trije hawwe we hân en hoe is dat gongen? Hoe siet it mei de ekstremen? We zoome noch even yn op de buien fan ein juny (dy moasten noch komme doe't dizze podcast opnaam waard) en dêrnei giet it oer july en augustus. Wat kinne we ferwachtsje? En hoe wie it doarpsfeest fan Hjerbeam eins :-)? Gean der even rêstich foar sitte en harkje nei twa mannen dy't it in goed kertier breedút hawwe oer it waar fan de kommende simmer en de eftergrûnen dêrby.

    Klimaatspesjal diel 2 (#5)

    Play Episode Listen Later May 24, 2017 28:40

    Klimaatspesjal diel 2 mei Piet Paulusma. De resultaten fan en neipraat by de meeting by it KNMI mei alle (bekende) waarmanlju en -froulju fan Nederlân. Dy byienkomst wie in pear wiken ferlyn op inisjatyf fan de Deltakommissaris fan it Ryk Wim Kuijken. Hy komt oan it wurd yn dizze Pietcast en ek dy oare bekende Fryske waarman: Gerrit Hiemstra. Dit twadde part fan de klimaatspesjal begjint mei in frachmint út diel 1 wêryn't útlein wurdt wat foar gearkomste it einst om giet. Stay tuned! :-)

    Klimaatspesjal diel 1 (#4)

    Play Episode Listen Later Apr 25, 2017 30:37

    Piet Paulusma is mei Wim Brons ûnderweis nei in byienkomst mei alle bekinde waarmanlju en -froulju fan Nederlân yn De Bilt by it KNMI. It gesprek yn de auto giet oer Piet's soargen en ydeeën oer de opwaarmjende ierde en se blikke foarút nei de gearkomste. Takom wike diel 2 mei ferslach fan dy fergadering yn de foarm fan gesprekken mei de Deltacommissaris Wim Kuijken, waarman Gerrit Hiemstra én fansels wer mei Piet Paulusma.

    Is april it logyske ferfolch op maart? (#3)

    Play Episode Listen Later Apr 7, 2017 4:33

    In koarte edysje 3 fan PietCast: Piet Paulusma evalueard maart en sjocht mei Wim Brons foarút op april.

    maart wim brons

    Piet syn waarsrûtine en de grillicheid fan maart (#2)

    Play Episode Listen Later Mar 10, 2017 19:15

    Alle dagen wer dûkt Piet it waar yn. Mar hoe sjocht syn dei der eins út en wêr hellet de waarman syn ynformaasje wei? Wim Brons krûpt mei Piet achter syn kompjûters foar it útplúzjen fan de moarnsrûtine fan de waarman. Fansels prate se ek noch even oer it waar yn maart, want is it no maitiid of dochs noch winter....

    piet maart wim brons

    Claim PietCast

    In order to claim this podcast we'll send an email to with a verification link. Simply click the link and you will be able to edit tags, request a refresh, and other features to take control of your podcast page!

    Claim Cancel