POPULARITY
"Met het normaliseren van Wilders ga je als VVD een grens over", zegt VVD-partijprominent Ed Nijpels in de nieuwste aflevering van Met de Kennis van Nu. Hij is ongelukkig met de samenwerking die de VVD is aangegaan met de PVV. "De VVD is in de ballenbak met de PVV terecht gekomen, het kabinet ingerommeld". Nijpels maakt zich zorgen maar blijft liberaal in hart en nieren.Hoe kijkt Ed Nijpels terug op zijn Haagse jaren? Was het moeilijk Hans Wiegel op te volgen en steeds de hete adem van het orakel uit Ljouwert, zoals Nijpels hem noemt, in je nek te voelen? Nijpels vertelt over zijn moeilijke jaren als fractievoorzitter bij de VVD waar heel onverwachte problemen ineens een bijzondere dynamiek konden veroorzaken. Hosted on Acast. See acast.com/privacy for more information.
Nije ôflevering fan dizze podcast út Burdaard yn it ramt fan it twjierlikse Truckfestival. Te gast: Hans Brolsma fan de Westereen, Rudmer en Kees de Vries fan Drowa Dokkum, Erik Algera fan LVS Used Trucks yn Ljouwert, Iep van der Meer fan BIGtruck online magazine en fansels Auke Spijksma fan it Truckfestival. Presintaasje en produskje: Wim Brons Undwerpen: Transportsektor yn Noardeast Fryslân, fuzjegolf yn transportlân, elektrifikaasje fan it ferfier, it Truckfestival sels en noch folle mear! De sfear is optimaal, want de opname waard makke yn it DAF museum fan Auke Spijksma.
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Mirka Antolovic, direkteur fan antydiskriminaasjeburo Tûmba en PvdA riedslid yn Ljouwert, Jenny Douwes, ûndernimmer yn in mannewrâld en Arjen Mintjes, direkteur fan de maritime akademy yn Harns. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de taname fan de ynset fan de KNRM, wol of net in landelik fjoerwurkferbod, sanksjes tsjin Iran, de opfang fan flechtlingen, Fryske foarnammen en de problemen mei de A7 tusken de Jouwer en Snits.
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Jan-Willem Tuininga, gemeenteriedslid foar de FNP yn Ljouwert, Mariëlle Nijland dy't har ynset foar de dupearre âlders yn de taslaggeaffêre en Joyce Walstra fan MKB Noord. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de ferûnderstelde meineed by de parlementaire enkête oer de taslaggeaffêre, de leaneask fan mear as 14% dy't it FNV wol om de keapkrêft op peil te hâlden, de ynfiering fan it Diftar ôffalskiedingssysteem yn de gemeente Ljouwert en wol of net ekskuses oanbiede foar ús slavernijferline. It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.
Yn Buro de Vries praat it nijsfoarum mei Tjeerd de Groot (D66 twadde keamerlid), Attje Meekma (CDA steatelid) en Gerben Gerbrandy (âld senator en âld boargemaster, FNP-er) oer de stikstofútspraak fan de Ried fan Steate en de gefolgen foar de bousektor en de boeren, it AZC yn Ljouwert en de ekskuses dy't oanbean wurde sille foar ús slavernijferline.
It nijsfoarum mei Jan Willem Tuininga, riedslid foar de FNP yn Ljouwert, Irene Overduin is sjoernalist by de Ljouwerter Krante en Douwe Beimin is fan it PAS, it Platform voor Armoede en Schulden. Underwerpen: Earmoed en de oanpak derfan, de sitewaasje yn Grut-Brittanië, Oekraïne en Iran. .
By sc Hearrenfean rint hast alles op roltsjes, sa krekt foar de start fan it earedivyzjeseizoen. Tritich kilometer fierderop yn Ljouwert is dat oars, wat yn de SportCast liedt ta twivels oer SC Cambuur.
It Nijsfoarum fan 8 maaie, mei * Tjibbe Brinkman, beëage FNP-wethâlder Achtkarspelen; * Mirka Antolovics, direkteur Tûmba en PvdA-riedslid Ljouwert; * Romke de Jong, Twadde Keamerlid foar D66.
Oan tafel by it Nijsfoarum: Hilde Tjeerdema (fan D66 yn Ljouwert), Anne-Goaitske Breteler (histoarikus, skriuwster en podcastmakker) en Harry van der Molen (Twadde Keamerlid foar it CDA).
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. It lêste diel, diel 5, hat as titel in fraach krigen: 'Is this Friesland?' De wrâld feroaret, kultuer is yn beweging. Wat is der te sizzen oer de identiteit fan it Fryslân fan no? Looper begjint yn it Fries Film Archief en komt dan by de fontein fan Jaume Plensa yn Ljouwert, dy't symboal stiet foar 'beweging'. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
'De ûntdekking fan Fryslân' giet oer de fraach wêrom't, hoe't en wêr't Friezen sykje nei har eigen identiteit. Bert Looper en Bart Kingma reizgje lâns plakken út de Fryske skiednis. Diel 1 'De ferbylding oan de macht' begjint by it Paleis fan Justysje yn Ljouwert op 16 novimber 1951: Kneppelfreed. Sjoch ek nei de FryslânDOK 'De ûntdekking fan Fryslân' út 2021 (diel 1 en diel 2).
Mirka is berne yn it eardere Joegoslavië. Op 'e flecht foar de oarloch yn de jierren tachtich kaam sy mei har mem yn Nederlân telâne. As jong famke hat sy hiel wat trochstien. Har bertegrûn, har freonen en famylje moast sy achterlitte, en yn it nije lân moast sy in nije taal leare, har oanpasse en har opnij ferbine mei oare minsken. No is Mirka Antolovic direkteur fan anty-diskriminaasjeburo Tûmba en sit se yn de ried fan Ljouwert foar de PvdA. Hielke van Duuren freget Mirka hoe't har skiednis har foarme hat, en wat Fryslân en syn ynwenners foar har betsjut.
Yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries wiene te gast: wetterskipsbestjoerder Tieneke Clevering fan Water Natuurlijk, FNP-riedslid Jan Willem Tuininga fan Ljouwert en boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke.
Wa't yn Ljouwert op strjitte rint, moat gelok hawwe om ien fan de trije persint kommersjele uteringen yn it Frysk tsjin te kommen. Ut it taallânskip fan de provinsje docht net bot bliken dat it Frysk in offisjele bestjoerstaal is dy't troch in mearderheid fan de Friezen praat wurdt. Myn bûtenlânske studinten sizze faak dat sy teloarsteld binne oer de sichtberens fan it Frysk. Learlingen yn it fuortset ûnderwiis, wat har taaleftergrûn ek is, fine dat it Frysk in better plak fertsjinnet yn it 'linguistic landscape' fan ús provinsje.
Theo de Jong fan Ljouwert spile fiiftjin kear foar it Nederlânsk alvetal. Hy is ferwûndere oer it matige en tamme spul fan Oranje yn de wedstriid tsjin Tsjechië. Dat fertelt er yn de SportCast. "Het leek wel of ze drie ton beton in de benen hadden."
De Ljouwerter motorrider Ben de Groot (27) stie bekend as de Wheelie King. Hy behearske syn motor as gjin oar, mar mocht ek -benammen op it sirkwy- graach de rântsjes opsykje. Op sân novimber ferline jier waard er oanriden op de krusing fan de Planetenlaan en de Apollowei yn Ljouwert. Hy oerlibbe it net. Wa wie Ben? Wat is der krekt bard? En: wat lit er efter? Foar de rubryk Ut it Libben, prate Buro de Vries mei syn âlders, broers en skoansuskes en tsientallen freonen. It waard in oangripende radiodokumintêre oer Ben, oer syn autisme, it pesten op de basisskoalle, syn freonskip, syn ûnhandichheid, it ûngelok, de útfeart, mar boppe alles: oer syn passy foar de motor. Mar dan wie der ek noch it dilemma foar syn broers, dy't ek motorride. En in skuldgefoel fan de âlders: "Ik denk wel eens, waren we maar een gezin van basketballers geweest, dan waren we nu nog compleet."
Yn 1979 stekke fjouwer jongkeardels út Fryslân mei in selsmakke flot de oseaan oer. It wurdt wrâldnijs: de tocht wurdt op de foet folge troch de nasjonale en ynternasjonale parse. De fjouwer avonturiers, Frits Riemersma, Leo van der Ploeg (ferstoarn yn maart 2021), Guus Schweigmann en Chris Schweigmann (ferstoarn yn novimber 2019) sille altyd ferbûn wurde oan de Sterke Yerke, de namme fan it flot. De kammeraten nimme in kassettedek mei en pakke geregeld de mikrofoan om te beskriuwen wat se meimeitsje. Thús yn Ljouwert nimt technikus Meindert van der Meulen alles op wat der mar oer de Sterke Yerke yn de media ferskynt: ynterviews yn aktualiteiteprogramma's op radio en telefyzje, nijsberjochten fan it ANP en ek telefoanpetearen dy't fierd wurde mei de manlju fia Radio Scheveningen. Oan de hân fan dizze orizinele audio makke programmamakker Geartsje de Vries fan Omrop Fryslân in rekonstruksje fan de legendaryske reis fan de Sterke Yerke III nei Kurasao. De Sterke Yerke III - in oseaan fan dreamen is in podcast fan Omrop Fryslân.
SC Cambuur is de earste Fryske klup dy't wer yn aksje komt en dat docht it suksesfol. Mar wie it echt wol de beste helte fan it seizoen? En kin Siem de Jong snein syn debút meitsje foar SC Hearrenfean? Yn de nije SportCast sykje we kontakt mei de oanwinst fan de Feansters. En assistint-skiedsrjochter Hessel Steegstra fertelt oer it WK foar klups, dêr't er mei skiedsrjochter Danny Makkelie en kollega-assistint Mario Diks fan Ljouwert nei ta mei.
Der is wer in hiel soad te bepraten yn de nije SportCast: de nederlaach fan SC Hearrenfean, de krekt útbrochte jiersifers fan de klup, feestende supporters yn Ljouwert en SC Cambuur dat mei sân kompetysje-oerwinningen op rige de winterstop yn giet. En dan wie der noch de kontraktferlinging fan Mitchel Paulissen, wylst hy dêr ferline wike noch tige geheimsinnich oer die.
Alfleisklierkanker is de ien-neideadlikste foarm fan kanker. Njoggentich prosint fan de pasjinten ferstjert binnen in jier nei de diagnose. Elly Breeuwsma fan Ljouwert krige trije jier lyn te hearren dat se alfleisklierkanker hat. Sy koe operearre wurde en yn dy trije jier hat se meardere gemokueren hân. Se hat har hoop festige op professor Casper van Eijck dy't fannewike bekend makke dat syn ûndersyk nei in foarm fan immunoterapy, hoopfolle risseltaten jout: fan de tsien pasjinten binne njoggen nei oardel jier noch altyd 'skjin'. Elly koe net meidwaan oan dat ûndersyk, mar no't it útwreide wurdt hopet se dat se wol yn 'e beneaming komt. Buro de Vries redakteur Geartsje de Vries makke in hiel persoanllik dokumint.
De earste jierren fan je libben kinne je meitsje of brekke. Hoe is it om yn in gesin op te groeien dat ôfstanlik is, dêr't de mem samar ferdwynt en heit de drank net stean litte kin. Sido Martens skreau it boek De Weemoeder. De muzikant en skriuwer is 71 en skreau pas de ôfrûne tiid syn jeugd en de gefolgen derfan fan him ôf. Simone Scheffer gie mei him werom nei de Sumatrastraat yn Ljouwert. Under de reek fan it Cambuurstadion leit dit strjitsje dêr't Sido opgroeide. Foar it earst yn skoften stie hy wer foar nûmer 27. It hûs dêr't de oantinkens oan in net ideale jeugd lizze.Ek hearre we muzyk fan it nijste album fan Martens. It album stiet ek yn it teken fan syn jeugdferhaal De Weemoeder.
It wie wer in poerbêst fuotbalwykein foar de Fryske klups: Cambuur helle de perioadetitel en it bearesterke SC Hearrenfean fersloech FC Emmen. Genôch om oer nei te praten yn de nije SportCast, mar der wurdt ek fêst foarútsjoen. Woansdei spilet Cambuur tsjin RKC Waalwijk, dêr't âld-Cambuur-keeper Fred Grim no trainer is. Hy krijt noch altyd waarme gefoelens by Ljouwert en docht in opfallende útspraak. Ek fertelt Jesse Rozendal oer syn skiedsrjochtersdebút en oft it slagge is mei it 'gebaar' foar de SportCast.
It wie in ferrassend fuotbalwykein, dêr't yn de nije SportCast wiidweidich oer praat wurdt. SC Hearrenfean hie yn de tarieding alles ferlern, mar wûn de earste kompetysjewedstriid krekt wól. Wylst SC Cambuur tsjin in ferrassende nederlaach oan rûn. Topskoarer Robert Mühren fan de Ljouwerters is te gast yn de SportCast en hy besiket de finger op it seare plak te lizzen. Dêrnjonken sprekt er syn bewûndering út foar in doarpsgenoat dy't yn it Abe Lenstra Stadion fuotballet.
Na een rustig weekje in de sportwereld maken Jelle & Jarni, vanuit Ljouwert, zich klaar voor de Tour de France. Ingewikkelde gesprekken over hun top vier en rode lantaarn, hun favoriet voor de bolletjes, groene en witte trui. Alles wordt behandeld, zodat je vanaf zaterdag niks van de Tour kan missen! Instagram: spaakzaam Ook tegenwoordig te beluisteren via Youtube, iTunes en meer!
Dr. Wouter van Geffen (35) is ús Simmergast. Van Geffen wurket as longdokter by it MCL yn Ljouwert. Hy is ferbûn oan de ôfdieling onkology en hâldt him dus benammen dwaande mei longkankerpasjinten. Hy hat syn oplieding yn Grins dien, wurke foar syn promoasje ûnder mear yn it Royal Hospital yn Londen en foar in ûndersyk nei de 'long-oanfal' wûn hy in ynternasjonale priis. Njonken syn wurk as medysk spesjalist, is van Geffen as ûndersiker ferbûn oan it UMCG. Hy docht dêr wittenskiplik ûndersyk nei de kwaliteit fan libjen en de behanneling fan kanker. Wouter van Geffen waard lykwols benammen bekend fanwege syn 'corona-vlogs' foar it ferneamde telefyzjeprogramma Frontberichten. Dêryn holden minsken yn tal fan soarchberoppen sels in fideodeiboek by. It joech in ynkringend byld fan wat de coronakrisis yn de praktyk betsjutte en hokker dilemma's de soarchwurkers foar de kiezzen krigen. Hoe sjocht hy werom op dy hektyske perioade? Wêr rûn er tsjin oan en wat ha hy en syn kollega's hjir fan leard, en binne we écht klear foar in twadde weach? Mar ek: hoe wie it om suver in soarte fan BN'er te wurden troch dat programma Frontberichten en oare media-optredens? Fierder omtinken foar Van Geffen as persoan: Wêrom keas hy foar Fryslân en it MCL? Wa ha him ein ynspirearre en hokker muzyk heart er graach?
Mei assistint-trainer Pascal Bosschaart fan SC Cambuur is der yn de nije SportCast in tûzenpoat te gast. Njonken dat er fuotbaltrainer is, kin er ek aardich sjonge en der liket ek noch in karriêre as ûndernimmer yn te sitten. Genôch reden dus om by te praten mei de man dy't Henk de Jong en Sandor van der Heide yn Ljouwert assistearret.

Ruth de Jonge wie in Joadsk famke fan 20 jier doe't de oarloch útbruts. Se wenne mei har famylje oan it Saailân yn Ljouwert. Yn 1942 dûkte se ûnder by fersetsman Krijn van der Helm. Se holp him by it ûnderbringen fan Joadske bern. Se brocht itensbonnen rûn op 'e fyts. Yn 1944 stie se derby doe't Krijn deasketten waard. Ruth oerlibbe de oarloch. Se is no 99 jier en wennet yn Amearika. Oer har wurk yn it ferset hat se noait wat ferteld oan har famylje. No pas, by it iepenjen fan in izeren kistje, is dúdlik wurden wat Ruth de Jonge dien hat.

Der binne deiboeken út de oarloch foar it ljocht kaam fan de doopsgesinde predikant Felix van der Wissel út Ljouwert. Hy preke tsjin geweld en hy brocht yn it geheim Joadske bern ûnder by Fryske pleechgesinnen. Yn ien fan syn deiboeken is sels in anonime brief fûn fan in tsjerkegonger, dy't lid wie fan de NSB, dy't fûn dat Van der Wissel ophâlde moast mei de oarloch te neamen yn syn preken, oars, sa drige de briefskriuwer: soe hy him arresteare litte. De rol fan dûmny van der Wissel yn de oarloch kaam foar syn famylje as in ferrassing. Doe't pakesizzer Baukje van der Wissel it hearde, hat se tegearre mei har broer de deiboeken opsocht om se te lêzen.

Ninah Tiemersma is in jonge dosinte Gryksk en Latyn yn Ljouwert. Se makke in teäterstik oer har libben en PTSS, post traumatisch stresssyndroom. As jong famke libbe Ninah mei in ferslaafde heit dy't har fysyk en mentaal mishannele. Doe't har mem en sy úteinlik by him weigiene, bleau hy harren stalken. Ninah wie al jong traumatisearre en der waard troch de psycholooch PTSS konstatearre. Yn it stik 'Niet meer alleen' siket se de ferbining fan har libben en trauma's mei dy fan froulju yn de Grykske trageedzjes. Se makke in skripsje oer it ûnderwerp en ûntduts by it lêzen fan de ferhalen dat ek de froulju lykas Andromache en Creüsa dy't se foar har skripsje ûndersocht traumatisearre wiene. It joech har stipe yn it ferwurkjen en se besleat in teäterstik te meitsjen oer de trageedzjes en har eigen libben.

Yn dizze twadde útstjoering fan de podcast Boekekast kinst harkje nei in fragmint fan de roman 'De Nacht fan Mare'. Mare fan santjin en Thomas fan twaentweintich binne de haadpersoanen yn 'De nacht fan Mare'. Se moetsje inoar ein jierren santich yn Ljouwert, by it legindaryske konsert fan Herman Brood yn de Prinsetún. Tsjin in dekôr fan rock 'n roll, polityk bewustwêzen en seksuele útspattings en represje ûntjout him in relaasje dy't alles mei ferslaving te krijen hat.

Jack Kooistra hat in argyf fan 180.000 kaartsjes mei dêr op de nammen en oare data fan oarlochsslachtoffers. Ien fan harren is Siebe Bruning fan Ikkerwâld. Hy waard deasketten troch de Dútsers doe't er op de fyts siet. Syn pakesizzer Simon Wiersma út Ljouwert hat útsocht wat der krekt bard is.

Merijn Tinga is de earste yn ús podcast-rige 'Wrâldferbetterers'. We sykje minsken út dy't de wrâld feroarje wolle, te begjinnen by harsels Mei it opromjen fan plestik is Merijn Tinga al jierren dwaande. As de Plastic Soup Surfer fiert hy aksje om it plestik ôffal te ferminderjen, yn de seeën, de rivieren en de wrâld om ús hinne. Merijn Tinga komt út Ljouwert, is opgroeid yn Grins en wennet no yn Leiden. Hy is biolooch en keunstner en de lêste jierren fulltime 'Plastic Soup Surfer'. Hy stelt de produsinten fan it plestik, dus de grutte bedriuwen, ferantwurdlik foar it plestik ôffal. Dat bart oant no ta te min, fynt hy. Produsinten wize júst altyd op de ferantwurdlikheid fan boargers, de konsumint. Merijn Tinga wiist de produsinten derop dat se séls wat dwaan moatte.

Begjin novimber wie yn Ljouwert it Deltacongres. Op útnoeging fan Deltacommissaris Wim Kuijken wienen wetterskippen út hiel Nederlân en oare beliedsmakkers te gast yn it WTC om ynformaasje út te wikseljen oer de stân fan saken omtrint klimaatferoaring en de maatregels en oplossings dy't dêrmei nedich binne. Piet Paulusma en Wim Brons wienen ek te gast en dienen yndrukken op. Hjir diel 2 fan 2 PietCasts fan dit kongres ôf.

Begjin novimber wie yn Ljouwert it Deltacongres. Op útnoeging fan Deltacommissaris Wim Kuijken wienen wetterskippen út hiel Nederlân en oare beliedsmakkers te gast yn it WTC om ynformaasje út te wikseljen oer de stân fan saken omtrint klimaatferoaring en de maatregels en oplossings dy't dêrmei nedich binne. Piet Paulusma en Wim Brons wienen ek te gast en dienen yndrukken op. Hjir diel 1 fan 2 PietCasts fan dit kongres ôf.

Stel, je bin as frou trouwd met in dûmny en je wurde fereale op in froulike diaken yn deselde tsjerke. Dan stiet je wrâld op 'e kop. En dy fan je partner. En dy fan de tsjerke. Harkje nei in rekonstruksje fan it fasinearende, mar ek dramatyske ferhaal fan Gerda Tolk fan Ljouwert. Yn jannewaris 2016 gongen we mei har werom nei Stiens dêr't it him goed 36 jier lyn allegear ôfspile.