Yn 'De toan fan fan 'e moarn' litte de fiif kollumnisten fan it radioprogramma Fryslân fan 'e moarn har alle dagen fan de wurkwike hearre. Har kollums binne op Spotify as podcast te beharkjen. Moandeis is Henk van der Veer yn it 'Sneekers' oan it wurd, ti
"As in ymposant plafond draait wrâldbol Gaia rûn boppe de hollen fan de sprekkers. Sprekkers út polityk, wittenskip en keunst, dy 't ûnder it keunstwurk fan Luke Jerram yn 'e mande mei skoalbern it wittenskipsfestival Expeditie Next, en dêrmei Arcadia, iepenen yn Frjentsjer. Elkenien wie der even stil fan. Dat der wat geande is en de kommende tiid geande wêze sil, kin gjinien ûntgien wêze. Himel en ierde wurde ferweegd om alderhanne kulturele eveneminten mooglik te meitsjen, en dêrmei omtinken te freegjen foar ús takomst. It bringt sels beammen yn beweging, dy 't as in griene slinger troch de stêd trochjûn wurdt en minsken oars nei harren stêd sjen litte."
"Vandaege is et de vuufde meie - bevri'jdingsdag en vieren wi'j dawwe 77 jaor leden bevri'jded weren van de bezetter - een bezetter van buten oonze eigen groep, buten oonze eigen greenzen. Mar hoe vri'j biwwe now eins?"
"De generaasje fan myn dochter soe wolris de lêste wêze kinne dy't no noch de ferhalen út de Twadde Wrâldoarloch út earste hân meikrije kin. Fan myn eigen pakes en beppes haw ik dy ferhalen noait heard, om't se allegear al weiwienen. Wol krige ik flarden fan oarlochsferhalen mei fia myn âlden, bygelyks fan pake Willem Sijtsma, dy't yn 1945 út in wurkkamp yn Drinte wist te ûntsnappen."
"Der soe in ôfspraak tsjin it fallen fan de maaiefakânsje yn april wêze moatte. Maaiefakânsje yn april is betiizjend, lykas it fallen fan de krookjefakânsje yn wintersk febrewaris."
"Us heit wie yn myn jeugd meast yn it hok te finen. Noch altyd trouwens. Efkes wat hout seagje, laskje of in stellingkast bouwe fan âlde skuttingsplanken. Foar in technysk tekener komme guon saken hiel presys. Us heit kin dan ek irritearre reitsje as yts net wetterpas is. In man dus dy't yn syn wurk eksakt is, mar om no te stellen dat it by ús thús klearrebarre struktuer wie, dat sil ik noait beweare."
"Bútten 't fait dat Liverpool 'n smirge stâd is, is't ok 'n stâd met opfâlend feul hele dikke mînsen. Ni, niet dikke mînsen, al waren die d'r ok bij 't soad, maar ik bedoel echt hele dikke mînsen. Se frete der hest alleen maar fet en súppe as muzen. De levensstyl is der och soa ongesond."
"De letters HJSC staan foar Hommerts Jutrijper Sport Combinatie. De foetbalklup út, wat Snekers dan sêge, de deurwaaidòrpen ten súden fan de stad. HJSC fiert dit jaar syn 75-jarech júbileum en doën dat nou nyt bepaald súnech. Mar liefst 75 dagen duurt ut feest met allemaal aktiviteiten. Gelyk hewwe se dêr in 'e Hommerts-Jutryp: At je wat fiere kanne dan mutte je ut ok goëd doën."
"Mei heldere gebaren waarden de Nederlânske en Fryske ynlieding op it sympoasium Erkende Talen oerset troch in gebarentolk, in gesicht dat wy sûnt de koronaperskonferinsjes gelokkich hiel gewoan fine mar dat ik my fan dêrfoar eins net heuge kin. Nederlânske gebarentaal is ien fan de talen, njonken Frysk, Nedersaksysk, Limboarchsk, Romanes, Jiddysk en Papiamintsk, dat sintraal stiet op it tredde sympoasium organisearre troch it ministearje fan ynlânske saken, as lêste, pas ôfrûne simmer erkende taal nei in jierrenlange striid."
"Jim weten wel: al die warkers in de ziekehuzen en aandere zorginstellings die zonder mondkappies of aandere hulpmiddels toch deurwarken mossen. En laeter wodden ze opreupen om, ok al hadden ze zels corona, tóch op et wark te kommen, aanders zollen d'r ofdielings sleuten wodden moeten. Een protte politici stonnen doe in de hanen te klappen veur die zonuumde 'helden van de zorg'."
"Neffens my moatte we sjen nei it fundamint. Nei ús taalhâlding oangeande it Frysk, want sûnder leafde wurdt it neat. As wy as Friezen sels net genôch fan ús taal hâlde, dan kinst swaaie mei wetten, bestjoersôfspraken en ferdraggen, mar dan komst net fierder."
"Ik mâg graag stikkys in de Luwter krant leze over 'n hondertjarige. Dan gaat 't negen fan de tien keer over dat 't froeger gyn fetpot waar en dat frôly al op hele jonge leeftyd fan skoal gongen om ergens húshouster te worren. En de mânly mosten in hur jonge jaren 'n prot wrotte en swaar werk doen. At se dut teugenworig doen mosten, dan had elkeneen der foor bedankt."
"Op 6 april, sumar un woënsdachavend, naar Teater De Lawei in Drachten weest. Dat deed ik fanself nyt sumar, ut was wel un bewuste keus. Stef Bos trad der op met syn solprogramma ‘Bloemlezing 2022', un intieme foarstelling wêrbij't de taalfirtuoas allienech achter syn piano op ut poadium der mar met rêde moest."
"De wrâld is der al", mei dizze moaie wurden naam Prof. Joana Duarte dizze wike - twa jier nei de start - har bysûndere learstoel Wrâldburgerskap en twatalich ûnderwiis oan de UvA fanwegen Stichting Nuffic oan. It wie in meartalich feest, mei wurden yn it Nederlânsk, Portugees, Ingels en fansels Frysk. De seal siet fol mei wrâldboargers en wrâldboargers yn wurding, mei in prachtich Frysk rantsje. Want in part fan Fryslân wie útrûn om prof. Duarte te lokwinskjen...
"En aj' d'r een ambtelijke of aandere belangrieke funktie hebben, dan heur ie juust op te komen veur et eigene van de streek en dus ok van heur tael. Misschien wodt et tied en hael et Friese sjibbolet mar es van stal: 'Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries."
"Geregeld krij ik de fraach wêr't ik alle wiken wer ynspiraasje weihelje foar myn kollums. Of wêr't al dy prachtige minsken weikomme dy't myn kollega's en ik foar it programma HEA! folgje. Fansels krije wy in soad tips tastjoerd fan minsken út de provinsje, mar in soad ferhalen lizze gewoan op strjitte."
"Hoe hewwe wij 't nou dat de met fan Luwt nou inenen na de sportfelden gaan is? Deur de middenstand! Deur de met op 't Cambuurplain, hewwe de winkeliers deromhine al jaren minder omset, temînsen dat sêge se sels. Ooooohhhh! 't Begroat mij tun de toanen út. Niet dus! 't Is ok wat, hoor, 'n met die't maar fijf dagen duurt, ik herhaal: fijf dagen en dan in die dagen omset misse, wylst die in 360 dagen nag hale kinst. Bespotlik!"
"Kòrtleden sloat ik mij ongewild an bij ut groate pasjente-corona-leger, inderdaad ergens in de achterhoede. Der was blykber gyn ontkommen an. Mazzeltof at ik bin, bleef de skade beperkt tòt un flinke ferkoudheid. Mar der was nòch wat, ik was un paar dagen myn reuk en smaak helemaal kwyt. Metname dat earste wurdde even un dinkje. Op maandachs warm ik tussen de middach de groëntesoep fan ut weekend even op, hearlek."
"No't de koroanamaatregels ferdampt binne, de simmertiid yngongen is, de aktiviteiten wer losbarsten en de frije dagen fan de maitiid der wer oankomme, hat elkenien it drok. "Ik haw it sa ferskuorrende drok" hear ik de iene kollega tsjin de oar sizze ast ik op de knop fan it kofjesetapparaat druk en tagelyk wachtsje op in printsje. Twa miggen yn ien klap! "ik ek, ik haw safolle ôf te meitsjen foar de peaske, en dan moat ik noch kolleezje jaan en in lêzing tariede" antwurd de oar. Gelokkich beslute se dat se noch wol oan tiid hawwe foar in twadde kopke oan de kantinetafel, sjoch ik as ik mei myn kofje en printsje fuortrin."
"Argens in et zuden van oonze perveensie huust een dapper volkien, dat dit jaor percies vuuftig jaor warkt an et beschrieven, et uutdregen en et zo meugelik beholen van et streekeigene."
"Je hâlde fan Maud of je spuie raar guod fan har. De earste kear dat ik Maud seach fûn ik har mar in typstra, mar de wyks derop wie ik hiel bliid har wer te sjen. Maud is in skat. Se is oprjocht en docht alles mei eigen fjoer. Allinnich sy kin entûsjast reitsje fan in ko dy't lekker de groppe folmiegt."
"Ik sat op 't hoeky fan 'e bank en saai in mijsels: Afke mot gyn fout make... Afke mot gyn fout make... Ferspreek dy nou niet. Blyf kalm en praat rustig. En krekt as bij 't turnen hoopte ik dat se niet 'fâle' sou. O, het Afke froeger turnd, dan? Niet dat ik weet, maar ik brúk 't as metafoor. En doe't se 't eand haalde deur ôf te kondigen, waar ik helendal oplucht. Se haalde 't gelukkig sonder fouten. "En se staat!", sou Hans van Zetten wel sêge."
"Overal komst se teugen, de krinkjespuiers. Altyd en immer op faste plakken staan òf sitte se bij mekaar. Ut is fan alle tiden. Of je nou in Sneek òf in Makkum woane, in Hylpen òf Dokkum, de krinkjespuiers binne der om de weareldproblematyk in no-time op te lossen."
"Entûsjast fertelt de jonge phd-studint hoe't er dwaande is my it ûntwikkeljen fan in syntetyske Fryske stim. En dat wylst er sels gjin Frysk praat! Troch it spraaktechnologyske ûndersyk rekket er belutsen by de Fryske taal en kultuer, oftewol de Frisistyk. Syn ynteresse en entûsjasme binne dúdlik as er oer it ûndersyk praat. Syn kollega's, dy 't har mei oare tema's lykas it werkennen fan sarkasme yn it Frysk of de gearhing en ferskaat om de Noardsee hinne dwaande hâlde, knikken ynstimmend."
"Deensdagaovend he´k de helte van et mos en grös in de veurtuun liggen laoten. Ik hadde et nocht d'r hielemaole of en de piepe hielemaol uut. Gistermorgen wa'k daoromme veur aachten al weer in et spier om et mos en grös eerst in bulten te harken en daornao op de karre te laeden."
"It spant der om, hokker momint sil der earder komme? It momint dat de alderlêste koroanafrije Nederlanner, dochs noch it firus oprint? Of it momint dat de ûnderste stien boppe komt oer de mûlekapkesdeal fan Sywert van Lienden en hy lang om let syn miljoenen beskikber stelt oan in goed doel?"
"D'r binne foor- en teugenstanners fan de weromkeer fan de wolf en ik naig meer om de teugenstanders fan de wolf te steunen. Wij hewwe 't ommers ok jarenlang sonder de wolf rêde kinnen? Dat dut hadden wij foor altiten ok wel oprêden. Nou soa!"
"Ik fond ut inenen prima dat soan, skoandòchter en pakesêger un moai end futgingen. In Azië was ut gefoël foar oarlòchsdriging kleiner as hier in Europa. Apart su'n gedachte-switsj."
"In grouwe reade boarre op in skouder, in bang eagjende blauwe rus op in kessen, in mottige poes ferstoppe yn in tsjokke winterjas; de ôfrûne fjirtjin dagen wie der gjin krante dy 't net in foto toande fan in flechtsjende boarger mei in húsdier ûnder de earm. De bisten meitsje it drama yn it easten, dat we echt wol snappe mar dochs dreech befetsje kinne om 't we it sels net meimeitsje, gek genôch ynienen noch in stik minskliker. Want ôfskied nimme fan eat datst of iemand dy'tst leaf hast is it slimste dat der is."
"In een eerdere kollum he'k es anruurd dat d'r boetes zet wodden moeten zollen op meensken die op een kieslieste staon en dan, naodat ze keuzen binnen, toch mar besluten om de zit niet in te nemen. Doe gong et over zonuumde liestdouwers die vaeke onderan de lieste bongelen. Mar nao de gemienteraodsverkiezings kommen d'r ok aandere verhaelen naor veuren."
"Mei myn freondinnen belle ik jûns geregeld om it húswurk troch te nimmen, mar ek om te swijmeljen oer al dy ûnberikbere jonges. Hiel konkreet waard it noait. Wy doarden dy leuke jonges út de hegere klassen nammentlik amper oan te sjen, lit stean harren oan te sprekken."
"Wietse Jan Dijkstra is 'n soort fan prof wat 't aaisoeken angaat. Ik weet dat-y om deuze tiid altyd 'n stikminnig weken frij nimt en him op 't aaisoeken richt en dan is't fansels geweldig dat-y dan nou 't eerste aai fan Frysland fynt. Syn prizekast staat al fol met trofeeën fan 't eerste aai fan 't Bildt, Skarsterland, Heerenveen en nou dus de eerste fan Frysland in de Workumerwaard. 'n Jongesdroom, soa saai-y over syn groatste fônst; de Europa League ônder de aaisoekers in Nederland. Hij is dus 'n túkke aaisoeker."
"At ik ergens in un kerk òf kroech myn fersen en ferhalen fertelle mach begin ik geheid met ut woardsje 'haré'. Bòlserters sêge dan dat ut helemaal gyn Snekers is, mar dat ik dat stukje taaleigen fan hun lutten hew. Ik gun ut dy oalykoeken graach."
"Litte wy net iens yn de fjouwer jier op ferkiezingsdei, mar alle jierren de balâns opmeitsje. Alle jierren in jûn mei de regionale ferhalen oer de saken dy 't spylje yn gemeenten, oer de topografy fan in gemeente, oer de histoarje fan in plak en oer wat nije stimmers graach yn ferskowende polityk sjen soene."
"De dag nao de verkiezings beginnen vaeke al de eerste veurzichtige stappies naor et kriegen van een kollege: welke perti'j kan mit aandere perti'jen een akkoord sluten om mit mekeer de kommende vier jaor et reilen en zeilen van de eigen gemiente zo goed meugelik verlopen te laoten?"
"De termostaat by my yn 'e hûs stiet al in oantal wiken op 15 graden en myn auto komt hast net mear fan it hiem. Moarns lûk ik dikke sokken en in ekstra waarm fêst oan en mei it moaie waar is it lokkich gjin straf om te fytsen."
"En nou wille se ôns de skimmel fan Sundreklaas ok nag ôfnimme! In watfoor wereld leve wij soa starigan! D'r komme hyltyd meer mominten dat ik an froeger dink, dat mâge jim gerust wel wete. En ik begin hyltyd meer te loven dat 't froeger dochs echt 'n stik beter waar as nou. Doe worde nag niet soa moeilik deen over dingen die't nou groat útmeten worre op fooral soasjaal media. Froeger waar swarte piet swart en gyneen die't him der drok om maakte."
"Su nau en dan driich ik te fersúpen in un moeras fan drukte letters en dêr hat ik earder noait su'n last fan. In myn jongesjaren al helemaal nyt. Sonder nou in un see fan nostalgy te watertrappelen was ut medialaanskap frij oversichtelek. Teminsten bij oans thús."
"Wat wy eins wol witte, mar wêr't wy no op 'e nij wer achterkamen, is dat artikels dy't in relaasje hawwe ta froulju op Wikipedia ûndersnije," seit Mirjam Vellinga fan de Afûk oer it nije projekt WikiWomen dat tiisdei op Ynternasjonale Frouljusdei oankundige waard. It projekt is in gearwurking tusken Afûk, myn eigen Fryske Akademy en Mercator kennissintrum, Learning Hub Friesland en in gearwurking mei middelbere skoallen yn Fryslân, Ierlân en Baskenlân. In ynternasjonaal projekt dus....
"Maendagmiddag tegen zes ure. De vrouw belde naor huus. Of ik heur ophaelen kon. Zi'j was valen mit de fietse. Vlogge he'k doe et fietserek in de kofferruumte van de auto zet en bin naor et plak van et onheil reden, zoe'n vuuf kilemeter veerderop."
"By my oan tafel sit ûnder oaren Klaas Sietse Spoelstra út Terbant. Hy smart wat krûdebûter op in broadsje, en fertelt dat syn dochter fan fyftjin dit jier bepale mei wat hy en syn frou stimme sille by de gemeenteriedsferkiezings. Dat mocht se ek al mei de Twadde Keamerferkiezings foarich jier."
"Myn fertrouwen in de gemeente kreeg 'n tikky. Ok met in 't achterhood dat d'r nooit wat met myn e-post fan fleden jaar deen is werin ik froeg om de lenteernpalen, die't groen útsloegen binne, skoan te maken. Der kreeg ik as reaksy op dat se dut deurgeve souwen. Dan meskien an 'n toefallige ferbijganger, want d'r is gyn lanteernpaal fan de groene anslag frijmaakt."
"Myn fertrouwen in de gemeente kreeg 'n tikky. Ok met in 't achterhood dat d'r nooit wat met myn e-post fan fleden jaar deen is werin ik froeg om de lenteernpalen, die't groen útsloegen binne, skoan te maken. Der kreeg ik as reaksy op dat se dut deurgeve souwen. Dan meskien an 'n toefallige ferbijganger, want d'r is gyn lanteernpaal fan de groene anslag frijmaakt."
"'Oarlòch is dichterbij at je denke! En de sirenes loeie mar en de sirenes loeie mar...', su eindegde foarge week maandach myn kollum. Ik kan en wil nyt anders dan der un ferfòlch an geve. Want de alarmbellen en sirenes loeie nòch hieltyd in myn kòp, binne nyt tòt bedaren te krijen."
"Meardere Toanen Fan steane dizze wike yn it teken fan de oarloch - wat moatte je oars as kollumnist? Ek yn gesprekken op oare plakken fiert oarloch de boppetoan. De toanen dy't we hearre binnen ôfwikseljend toanen fan eangst, fan hoop, fan fertriet, fan solidariteit. Alle dagen wer de fraach wat der dy dei barre sil yn de oarloch dy 't ûnder ús eagen fierd wurdt en hoe 't wy ús dêrta ferhâlde kinne. De toanen giel en blau siere op in soad plakken de strjitten as teken fan solidariteit, minsken roppen elkoar mear en mear op wat te dwaan of te jaan. De toan fan dizze wike is dêrtroch ek de toan fan selsrefleksje, refleksje op ús eigen libben. Want wy hawwe it sa goed en dat winskje we in oar ek ta."
"As iederiene now es was zoas ik wezen mos... dan zol de wereld d'r vule beter uut zien."
"Myn gedachten fleane al dagen fan hjir nei dêr. De iene kear bin ik dwaande mei de wask of sit ik te prakkesearjen wat we jûn ris ite sille. It oare momint bin ik yn gedachten by al dy bange minsken dy't stride foar harren frijheid en net witte oft se oait wer feilich thús komme sille. Op de sosjale media sjoch ik dat in soad minsken har lyk as my machteleas fiele."
"Tidens de finale fan 't programma 'De Slimste Mens' kwam lessen 't burlen ferbij. Burle... En fansels, elkeneen mâg 'n hobby hewwe, hoor, maar burle is al 'n hele aigenarige hobby, kin ik jim fertelle. Nou kin ik mij goed foorstelle dat d'r 'n prot fan jim nag niet wete wat ik nou presys saai. Ik herhaal 't derom even: bur-le."
"De beammen skrepten by de ruten lâns, de fûgels litte har net sjen en de buorman kontrolearret noch gau it dak. It stoarmet. Krekt wannear de dakpannen wer rjocht lein binne en de omfallen âlde iik in nij libben as stikken brânhout krigen hat, ferwurdt de loft wer. De beammen skrepten wer by de ruten lâns, de fûgels litte har wer net sjen en de buorman kontrolearret noch gau de oare kant fan it dak. It stoarmet op 'e nij."
"Waoromme zitten d'r op belangrieke pesisies in de wereld toch vaeke meensken die heurzéls zo belangriek vienen? Wanneer staot d'r es iene van heur op die vragt waor ze in hemelsnaeme mit doende binnen?"
"In kear stelde ik opa B. foar dat we wol in kearke te kuierjen koenen. Op in waarme middei yn de maitiid helle ik him op, tegearre mei in freondinne fan my. Hy hie allegear ferhalen en geniete sichtber fan de oandacht en de kuier. We wienen noch mar in kertierke ûnderweis, doe't it hielendal mis gong."