In bysûnder ferhaal, in moai petear of in goeie syktocht. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. De Buro de Vries podcast is te finen yn iTunes. Of yn dyn eigen favoriete podcastprogramma fia RSS
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Mirka Antolovic, direkteur fan antydiskriminaasjeburo Tûmba en PvdA riedslid yn Ljouwert, Jenny Douwes, ûndernimmer yn in mannewrâld en Arjen Mintjes, direkteur fan de maritime akademy yn Harns. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de taname fan de ynset fan de KNRM, wol of net in landelik fjoerwurkferbod, sanksjes tsjin Iran, de opfang fan flechtlingen, Fryske foarnammen en de problemen mei de A7 tusken de Jouwer en Snits.
"As myn pakesizzers 'belaagd' wurde om it wurk dat ik doch, dan is de grins berikt." Dat seit Lânbouminister Piet Adema yn in lang petear dat it radioprogramma Buro de Vries mei him en syn frou Helma hie. "As de bernsbern op it skoalplein lêst krije fan it feit dat harren pake Lânbouminister is, dan is de grins berikt. It famyljebelang offerje wy net op foar myn funksje." Wisse wurden fan in man dy't nei it opstappen fan foargonger en partijgenoat Henk Staghouwer yn byld kaam as de nije ChristenUnie-minister op it drege lânboudossier.
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Jan-Willem Tuininga, gemeenteriedslid foar de FNP yn Ljouwert, Mariëlle Nijland dy't har ynset foar de dupearre âlders yn de taslaggeaffêre en Joyce Walstra fan MKB Noord. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de ferûnderstelde meineed by de parlementaire enkête oer de taslaggeaffêre, de leaneask fan mear as 14% dy't it FNV wol om de keapkrêft op peil te hâlden, de ynfiering fan it Diftar ôffalskiedingssysteem yn de gemeente Ljouwert en wol of net ekskuses oanbiede foar ús slavernijferline. It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.
'Jan PSP', sa waard er neamd yn it doarp. Op 21 septimber kaam Jan Bakker op 88-jierrige leeftiid te ferstjerren yn in fersoargingshûs yn Boalsert. Buro de Vries bringt syn ferhaal yn de rige 'Ut it Libben'. Dat er 'Jan PSP' neamd waard, is gjin wûnder, want fan 1962 oant 1974 siet Bakker foar de Pacifistisch-Socialistische Partij (PSP) yn de rie fan Menameradiel. Op dat plak sette hy him tolve jier lang yn foar syn politike idealen, mar ek foar syn doarp Ingelum. Jan Bakker wie boer en hie syn boerespultsje krekt bûten it doarp. Altyd wie er yn it spier foar it doarp en syn ynwenners en dêr stuts er in soad tiid yn.
It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Romke de Jong, Betty de Boer en Bearn Bilker.
Yn it nijsfoarum beprate Ria Kraa(haadredakteur Friesch Dagblad), Harry Oosterman (âld boargemaster en no foarsitter wolvekommisjes) en Harry Bevers(Twadde Keamerlid VVD) it nijs fan de ôfrûne wike. It giet oer Oranje, Thialf, amateursport en jild en Oekraine.
25 jier nei dato ferskynt der in boek oer de dûbelde moard yn Eanjum. Op it terrein fan pensjon Het Station waarden mei de krystdagen fan 1997 twa lichems fûn. Pensjonhâldster Marianne van der E. waard as skuldige oanwiisd.Yn it boek 'De heks van Anjum' beskriuwt sjoernalist Margriet Brandsma wiidweidich hoe't de situaasje doetiids yn Eanjum wie. Troch petearen mei freonen krijt de lêzer in yndruk fan Marianne van der E. En dy yndruk is twaslachtich: in soad freonen beskriuwe har as in tige sosjale, aardige en humoristyske frou. Tagelyk krijst as lêzer ek it byld fan in frou dy't it paad sa no en dan bjuster is. In frou dy't frjemde dingen docht en rûzje makket. Hoe fierder Margriet Brandsma komt mei har ûndersyk, hoe faker se tsjin fraachtekens oanrint. Guon saken doge net en hoewol't se net sizze kin dat Marianne ûnskuldich is, wurdt har wol dúdlik dat fan it begjin oan Marianne as dieder sjoen is en dat alles dat dêr nei wiist troch it Iepenbier Ministearje meinommen is. Der binne lykwols ek saken dy't net yn it ferhaal passe.
Der wurdt wol skreaun yn de Bildtske taal: oant ferline jier wie dêr noch de Biltse Post en der binne kollumnisten dy't Bildtsk skriuwe. Mar in Bildtske roman wie der noch net. Dat is feroare, no't Gerard Marcel de Jong - de eardere haadredakteur fan de Biltse Post - syn roman "Blau fan dagen, griis fan ônrust" skreaun hat. De roman spilet foar it iene part op it Bildt en foar it oare part yn Baskenlân, dêr't de Jong foar it projekt 'oare wurden' twa moanne wenne hat. Buro de Vries prate ôf mei Gerard de Jong foar in kuier oer de seedyk by Westhoek.
It nijsfoarum, mei dit kear te gast PvdA twadde keamerlid Habtamu de Hoop, riedslid en wetterskipsbestjoerder Otto van der Galiën en LC sjoernalist Patrick van't Haar. We hawwe it oer de oarloch yn Oekraïne en de winter dy't foar de doar stiet, it WK fuotbal mei SC Hearrenfeankeeper Andries Noppert yn de goal en wol of net in statement ôfjaan, de opkeapregeling foar boeren en gjin festivals mear yn de Griene Stjer.
It nijsfoarum, mei dit kear te gast fraksjemeiwurker Femke Wiersma fan de Boer Burger Beweging, Frank Petersen fan de Waadferiening en Tom van Mourik, âld boargemaster yn Smellingerlân en Menameradiel. We hawwe it oer Amearika, wynmûnen en de klimaattop.
Muzikant en berchbeklimmer Ilan Palstra út Warkum woe 'de berch fan de siel' beklimme, de 8163 meter hege Manaslu yn Nepal. It waard 'de berch sûnder top'.It is de berch fan de siel. De 8163 meter hege Manaslu yn Nepal. Ilan Palstra woe dy berch beklimme. Earder hie er ek al oan ekspedysjes meidien. Bergen fan mear as 6000 meter en ek ien fan mear as 7000 meter. Dat binne gjin lytskes. Mar de berch fan de siel waard de berch sûnder top.Nei in moannenlange tarieding soe it ein septimber barre, mar min waar siet yn de wei, en ek de sûnens rekke op. Dêrby kaam ien fan de haadsherpa's (helpers en gidsen fan de beklimmers) om it libben by in lawine. In desepsje en fertriet foar de sherpa's, mar ek de klimmers. Ut respekt gean se nei de begraffenis fan de sherpa. Foar Ilan Palstra ek tige emosjoneel. De frou fan de sherpa sit njonken him by de tsjinst en klampt him ûnder de hiele seremoanje oan. Mar njonken it fertriet oer it ferlies fan de sherpa en de teloarstelling oer it net heljen fan de top is Palstra ek bliid dat hy it aventoer meimakke hat.
Yn Buro de Vries praat it nijsfoarum mei Tjeerd de Groot (D66 twadde keamerlid), Attje Meekma (CDA steatelid) en Gerben Gerbrandy (âld senator en âld boargemaster, FNP-er) oer de stikstofútspraak fan de Ried fan Steate en de gefolgen foar de bousektor en de boeren, it AZC yn Ljouwert en de ekskuses dy't oanbean wurde sille foar ús slavernijferline.
Yn Buro de Vries praat it Nijsfoarum mei Tjebbe van der Meer (fraksjefoarsitter fan it CDA yn Smellingerlân) Hanneke Goede (listlûker foar de SP yn Provinsjale Steaten) en Jenny Douwes (ûndernimmer), ûnder oare oer de enerzjykrisis en it betrouwen yn de polityk.
It nijsfoarum mei Jan Willem Tuininga, riedslid foar de FNP yn Ljouwert, Irene Overduin is sjoernalist by de Ljouwerter Krante en Douwe Beimin is fan it PAS, it Platform voor Armoede en Schulden. Underwerpen: Earmoed en de oanpak derfan, de sitewaasje yn Grut-Brittanië, Oekraïne en Iran. .
Yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries sieten Eke Folkerts, selsstannich ûndernimmer mei bestjoersfunksjes yn lânbou en wetterskip; Danny van der Weijde-Hoogstad, provinsjaal listlûker D66 en Oebele Brouwer, boargemaster Achtkarspelen.
Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries wiene te gast: Harry Bevers (Twadde Keamerlid foar de VVD), Albert van der Ploeg ('bestjoersboer') en Tineke de Vries (foarsitter fan LTO Akkerbouw en Vollegrondsgroente).
De herinnering oan Jente en Jitze, twa jonkjes fan Peter en Tjitske Hylkema út Drylts, moat libben bliuwe. Tjitske fertroude dêrom it ferhaal fan beide bern oan it papier ta. It is ien fan de tolve ferhalen yn it boek 'Wij zijn nooit voorbij' dêr't âlders yn beskriuwe hoe't se har bern ferlern hawwe en wat dat mei harren docht. Jitze hat in seldsume stofwikselingssykte. Hy is, wrâldwiid sjoen de earste dy't dizze sykte hat. Hy moat hieltyd mear ynleverje op motorysk gebiet. In prognoaze is der net, want der is gjin ûnderfining mei dizze sykte. Tjitske fertelt yn dizze podcast oer har deaberne berntsje Jente en oer Jitze. Wat foar jonkje it wie, hoe't harren libben mei in berntsje mei in beheining der út seach en hoe't Jitze harren gesin riker makke troch syn wize fan omgean mei de sykte.
Yn Buro de Vries praat it nijsfoarum - mei twadde keamerlid Tjeerd de Groot (D66), PvdA listlûker Edou Hamstra en FvD steatelid Albert van Dijk oer de enerzjytransysje, de boeren, it klimaat en de 'kwesje Arib'.
Yn Buro de Vries praat it nijsfoarum - mei deputearre Avine Fokkens (VVD), Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA) en CNV-foarsitter Piet Fortuin - oer it gebrek oan fertrouwen yn de polityk en de gefolgen dêrfan.
Yn it nijsfoarum fan Buro de Vries praten Harry van der Molen (CDA twadde keamerlid), Femke Wiersma (nûmer twa fan de Boer Burger Beweging) en Jouke Douwe de Vries (wethâlder foar S!N yn Noardeast Fryslân) oer de enerzjykrisis, de problemen op Skiphol, de provinsjale ferkiezingen en de wenkrisis. De foarumleden wiene it ferrassend faak mei inoar iens.
Ald-haadredakteur Rimmer Mulder fan de Ljouwerter Krante groeide op yn Drachten. Mei noch acht broers en sussen en in heit dy't boufakker is, hat it gesin it net breed. It grifformearde leauwen spilet in grutte rol: Mulder giet nei de grifformearde skoalle en giet sneins nei tsjerke. De lytse Rimmer kin goed leare en it haad fan de legere skoalle soarget derfoar dat er nei de HBS giet, eat dat yn dy tiid foar bern út earme gesinnen net gewoan wie. Nei de HBS wurdt Mulder learling sjoernalist by it Friesch Dagblad en sa rûgelet er de sjoernalistyk yn. Nei it Friesch Dagblad folgje noch Trouw en de GPD, de Gemeenschappelijke Pers Dienst. En dan bellet de Ljouwerter Krante.... Mulder wurdt haadredakteur en sil dat 22 jier bliuwe. Dêrmei is er de langstsittende haadredakteur yn de skreaune sjoernalistyk. It libbensferhaal fan Rimmer Mulder, optekene troch Geartsje de Vries
Ald Omropkollega Aly van der Mark is berne yn Rotterdam. As 1-jierrich famke makke se it bombardemint mei. Nei de oarloch koe Aly har heit plysjeman yn Fryslân wurde en ferhuze de famlyje nei Aldskoat. Yn in hûs tsjinoer dêr't no iisstadion Thialf stiet, wennen de Van der Marks. Oer de oarloch waard doe eins net mear praat. Eat dêr't Aly letter spyt fan hie. Dochs skreau se noch wol in boek oer har famylje yn oarlochstiid: Zoo gelukkig dat we elkaar nog hebben. Basis foar it boek wiene wat eigen oantinkens, mar benammen ek brieven dy't pas jierren letter by in ferhuzing foar it ljocht kamen. Yn de jierren nei de oarloch wie it foar in dochter fan in plysjeman net gebrûklik om te studearjen. De skoalmaster bepaalde feitlik hoe't jo takomst der útseach. As plysjedochter soe skoaljuf al moai genôch wêze. Sa kaam se foar de klasse te stean. Dêrnjonken spile se toaniel en sa kaam se yn kontakt mei de regionale radio.dêr't se jierrenlang programma's as de Koperen Tún en it Fersykplateprogramma presintearre. It libbensferhaal fan Aly van der Mark, optekene troch René Koster.
Ald skûtsjeskipper Anne Tjerkstra is berne op in skûtsje mar komt op seisjierrige leeftiid oan'e wâl te wenjen. Heit krijt gauris oar wurk en sa ferhuzet it gesin faak: fan Terherne nei Ritsumasyl en dan nei de Jouster slús. Anne Tjerkstra is in echt bûtenbern: fiskje, aaisykje, poere, huttenbouwe en fansels simmerdeis mei de hiele famylje fjirtjin dagen lang skûtsjesile. Hy fertelt syn libbensferhaal, optuge mei moaie anekdoates, oan ferslachjouwer Geartsje de Vries.
Yn Buro de Vries it libbensferhaal fan kabaratiere, toanielspylster en sjongeres Leny Dijkstra de Vries. Har libben stie en stiet noch yn it teken fan optrede. Dat begûn al hiel jong as dochter fan Tetman de Vries. De 79 jierrige aktrise is noch altyd aktyf.
Ald-politikus Klaas Dankert fertelt syn libbensferhaal. 'Buro de Vries' siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat dat foar ynfloed hie op har libben.
Sytze Faber, âld-politikus en sjoernalist, fertelt oer syn libben. Buro de Vries siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jonge jierren en wat dat foar ynfloed hân hat op har libben.
Henk Kroes, bekend wurden as Alvestêdetocht-foarsitter en It Fryske Gea-direkteur, fertelt oer syn libben. 'Buro de Vries' siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat dat foar ynfloed hie op har libben.
Hilly Harms, aktrise en ferhaleferteller, fertelt oer har libben. Buro de Vries siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jonge jierren en wat dat foar ynfloed hân hat op har libben.
Boer André de Haan fan Eastermar is al sûnt de earste protesten yn 2019 belutsen by boere-aksjes. Dy hâlde net op foardat it kabinet mei de boerebelange-organisaasjes yn petear giet en dizze plannen fan tafel geane, seit er. De Haan hat sels in bedriuw mei in grut part krûderyk gers en kij dy't minder útstjitte. Hy hoecht him dêrom nei alle gedachten net al te grutte soargen te meitsjen, mar hy fynt dat alle boeren it rjocht ha op har eigen wize fan buorkjen. Hy wol solidêr wêze.
Riemer van der Velde, âld-foarsitter fan sc Hearrenfean, fertelt oer syn libben. Buro de Vries siket dizze simmer libbensferhalen op fan bekende(re) Friezen en Friezinnen op leeftiid. Se sjogge werom op har jeugd en wat dat foar ynfloed hie op har libben.
Nijsfoarum fan 3 july 2022 mei: Danny van der Weijde - Steatelid foar D66 Femke Wiersma - beliedsmeiwurker foar de Boer Burger Beweging en listlûker foar BBB by de steateferkiezingen yn Fryslân Bouwe de Boer - projektlieder fossylfrij Fryslân
Yntze Hoekstra fan It Hearrenfean is gjin notaris mear. Hy is de 70 foarby en dan moatte jo ophâlde. De 42 jier dat hy it al wie, hat er bepaald net anonym syn wurk dien. Yn dizze podcast praat René Koster mei Yntze Hoekstra.
Dizze wike mei sjoernalist Irene Overduin fan de Leeuwarder Courant, bestjoerskundige Rieks Osinga en Maarten Goudzwaard, steatelid en tydlik Twadde Keamerlid foar JA21.
Skûtsjesjoernalist Ton van der Laan fan de Leeuwarder Courant hat mei syn boek Heer en Meester in portret skreaun oer ien fan de bêste skûtsjeskippers ea: Douwe Visser, skipper fan de Sneker Pan fan 1988 oant en mei 2017. Yn dizze podcast praat Geartsje de Vries mei Van der Laan en Visser.
It Nijsfoarum fan 12 juny mei Steatelid Jaap Stalenburg, riedslid en fraksjefoarsitter Geeske Holtrop-Hoekstra en Twadde-Keamerlid Harry Bevers.
Yn it Nijsfoarum: Jenny Douwes Rendert Algra Bert Koonstra
Har âlders binne yn 2001 fermoarde en har man ferstoar oan kanker yn 2003. Linda Hoekstra fan Dronryp bleau achter mei twa lytse bern fan acht en fiif jier. It fertriet is eins te grut, mar se moat troch. Foar de bern en ek foar harsels, fynt se. De klap komt as de bern grut binne en Linda krijt in swiere depresje. Lang om let giet it no wer goed mei har. Se hat in boek skreaun oer de ôfrûne 20 jier: "Onuitwisbaar"
It nijsfoarum fan 15 maaie mei Habtamu de Hoop, twadde keamerlid foar de PvdA, Irene Overduin, sjoernalist by de Ljouwerter krante en Albert van Keimpema, VVD riedslid yn de Fryske Marren en sjoernalist.
It Nijsfoarum fan 8 maaie, mei * Tjibbe Brinkman, beëage FNP-wethâlder Achtkarspelen; * Mirka Antolovics, direkteur Tûmba en PvdA-riedslid Ljouwert; * Romke de Jong, Twadde Keamerlid foar D66.
Oan tafel by it Nijsfoarum: Hilde Tjeerdema (fan D66 yn Ljouwert), Anne-Goaitske Breteler (histoarikus, skriuwster en podcastmakker) en Harry van der Molen (Twadde Keamerlid foar it CDA).
Oan tafel by it Nijsfoarum: Aant Jelle Soepboer (fan de FNP yn Noardeast-Fryslân), Joyce Walstra (foarsitter fan MKB Noord en direkteur fan de Export Academy) en Mariëlle Nijland (fan Sociaal Links Dantumadiel).
It Nijsfoarum mei oan tafel: * Trienke Elshof (foarsitter LTO Noord) * Rommy Kempenaar (Sociaal Links Dantumadiel) * Tieneke Clevering (wetterskipsfraksje Water Natuurlijk)