Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer in ferskaat oan sport, mei altyd it Fryske rantsje. Fan it keatsen oant it betelle fuotbal: do wurdst wer hielendal bypraat. De SportCast fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.
Jurre 495 kin sneon foar de fiifde kear útroppen wurde ta algemien kampioen. In unikum. "Ik hoop dat Jurre kampioen wurdt, want takom jier wurdt hy it net", seit fokker Age Okkema fan Sigerswâld.
Nei de dramatyske nederlaach tsjin FC Volendam is foar Cambuur no der op of der ûnder. Oftewol: spilers helje of degradearje.
As SC Cambuur dizze transferperioade gjin nije spilers hellet, degradearret it nei de earste divyzje. Dat is wêr't klupikoan Sandor van der Heide benaud foar is.
De Sportcast is der altyd. Dus ek op Twadde Krystdei! Mei in spesjale edysje, wêryn't weromsjoen wurdt op it ôfrûne jier. En de eagen wurde fêst rjochte op 2023.
Argentinië is yn de eagen fan Foppe de Haan de terjochte winner fan it wrâldkampioenskip fuotbal. De âld-fuotbaltrainer hat geniete fan de finale tusken de Argentijnen en Frankryk.
Ald-sc Hearrenfeantrainer Dwight Lodeweges sjocht doelman Andries Noppert wol ûnder de latte stean by regearjend lânskampioen Ajax. "Als je goed genoeg bent voor het Nederlands elftal, dan ben je ook goed genoeg voor Ajax", seit hy yn de Sportcast. De klup út Amsterdam soe nei't sein wurdt ynteresse yn de Jouster keeper hawwe. Dat hat fansels alles te krijen mei Noppert syn goede prestaasjes op it WK. Lodeweges fynt dat de nije bûnscoach Ronald Koeman Noppert by de seleksje fan it Nederlânsk alvetal hâlde moatte soe. Koeman wie alris earder de bûnscoach fan it Nederlânsk alvetal. Lodeweges wie doe syn assistint, tegearre mei de hjoeddeistige Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen. "Als assistenten ben je tijdens de wedstrijd constant aan het discussiëren over het spel. Wat te doen als het anders moet? Als de hoofdtrainer die vraag stelt, dan moeten de assistenten het antwoord snel hebben."
Bûnscoach Louis van Gaal is de man dy't it Nederlânsk alvetal nei de wrâldtitel liede moat. Mar, hy is ek de ynspiraasjeboarne foar de nije Cambuur-trainer Sjors Ultee.
Sipke Hulshoff sil ea as trainer werom komme by SC Cambuur. "Mar no noch net. Dêr is it no noch te betiid foar", seit de assistint-trainer fan Feyenoord yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
De earste wedstriid fan SC Cambuur yn it nije stadion sil nei alle gedachten net yn septimber 2023, mar yn jannewaris fan 2024 spile wurde. Dat seit algemien direkteur Ard de Graaf yn de Sportcast.
It earste doelpunt yn de Fryske derby is in blunder fan SC Cambuur-keeper João Virgínia, dêroer is eltsenien it wol iens. Mar oer de rol fan de Portugeeske doelman by de twadde tsjintreffer is mear diskusje.
It is in bysûndere wike foar it Fryske betelle fuotbal. Snein spylje sc Hearrenfean en SC Cambuur de derby en dêrfoar al, op freed, heart Andries Noppert oft er mei Oranje nei it WK giet.
De systeemwiksel by sc Hearrenfean hat fuortendaliks fertuten dien. Sportferslachjouwer Roelof de Vries seach sneon tsjin FC Utrecht 'de beste helte fan it seizoen'.
De namme fan Sjors Ultee sjongt rûn yn it Cambuur Stadion as opfolger foar Henk de Jong, dy't syn taken foarige wike dellizze moast. Ultee is neffens de sportferslachjouwers yn de Sportcast in trainer dy't geskikt is foar de Ljouwerters.
Pieter Bos kaam net fierder as seis wedstriden foar Cambuur. Yn de Sportcast fertelt Bos op rêstige, mar ymponearjende wize oer syn hertkwaal en hoe't hy te hearren krige dat syn karriêre oer wie.
Keeper Andries Noppert kin him net fine yn de krityk dy't der is op it spul fan sc Hearrenfean. "Wy witte sels ek wol dat we oanfallend mear bringe moatte. Mar we toane ús wol ree om alles te jaan. Soks hat ek tiid nedich."
Sportferslachjouwer Geert van Tuinen rint al jierrenlang om yn it Cambuur Stadion, mar sa'n wedstriid as ôfrûne sneon hat er noch net faak meimakke. Foar it earst yn de histoarje wûn SC Cambuur thús fan PSV.
Dat fuotballers as Jhondly van der Meer, Milan Smit en Floris Smand trochbrekke yn it earste fan SC Cambuur is in logysk gefolch fan de ynfestearrings yn de jeugdoplieding. Dat seit it haad dêrfan, Fedrik Houtstra, yn de SportCast.
Keepersanalist Harm Zeinstra tinkt dat Andries Noppert oproppen is foar it Nederlânsk alvetal fanwege it kearen fan strafskoppen. Dat fertelt de âld-keeper moandei yn de SportCast.
Johnny Jansen komt foarearst net werom yn in offisjele funksje by sc Hearrenfean. De âld-trainer hat al wol wer yn it stadion west, mar in weromkear sjocht er trijekwart jier nei syn ûntslach noch net sitten.
Foeke Booy wit net oft er kommend seizoen noch technysk manager is by SC Cambuur. Syn kontrakt rint nei dit seizoen ôf en hy wit net goed oft er wol by de klup bliuwe wol, fertelt er yn de SportCast.
Noch twa nachtjes sliepe en dan witte we hoe't de seleksjes fan Hearrenfean en Cambuur der út sjogge. Technysk manager Ferry de Haan skoot oan en ferwachtet dat der neat mear fuortgiet.
Sydney van Hooijdonk moat dit seizoen minimaal tsien doelpunten meitsje foar sc Hearrenfean. Dat fertelt syn heit Pierre moandei yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
Lykas tsjin Sparta Rotterdam, spile sc Hearrenfean mei 0-0 lyk tsjin Feyenoord. De man dy't útgroeide ta held fan Hearrenfean is doelman Andries Noppert. De Jouster bliuwt sels tige nuchter ûnder syn optreden.
It wie in grutte tebeksetter: de 2-0 nederlaach fan SC Cambuur tsjin promovendus. Der wiene al soargen oer de Ljouwerters en dy binne noch allinnich noch mar grutter wurden, is te hearren yn de SportCast.
Yn trije PC Kafee's sjocht ferslachjouwer en keatskenner Geert van Tuinen foarút én werom op de wichtichste keatswedstriid fan it jier. Dit is diel 3, mei omtinken foar de fan PC 2012 en foar de debutanten fan dit jier.
By sc Hearrenfean rint hast alles op roltsjes, sa krekt foar de start fan it earedivyzjeseizoen. Tritich kilometer fierderop yn Ljouwert is dat oars, wat yn de SportCast liedt ta twivels oer SC Cambuur.
Yn trije PC Kafee's sjocht ferslachjouwer en keatskenner Geert van Tuinen foarút én werom op de wichtichste keatswedstriid fan it jier. Dit is diel 2, mei omtinken foar de PC's fan 1972 en 1982.
Yn trije PC Kafee's sjocht ferslachjouwer en keatskenner Geert van Tuinen foarút én werom op de wichtichste keatswedstriid fan it jier. Dit is diel 1, mei omtinken foar de PC's fan 1922, 1992 en 2002.
Wite reek boppe it Abe Lensta Stadion. Sydney van Hooijdonk komt wer nei Sportklup Hearrenfean. Technysk manager Ferry de Haan praat der oer yn de Sportcast. En moat Cambuur him soargen meitsje nei de nederlaach yn de oefenwedstriid tsjin PEC Zwolle?
Lewis Fiorini kaam net by SC Hearrenfean, omdat hy op it allerlêste momint keas foar Blackpool. En ek Cambuur seach in transfer op it lêste momint net troch gean. Technysk managers Foeke Booy en Ferry de Haan oer de transfer-simmer fan Cambuur en SC Hearrenfean.
De djoerste oankeap ea fan SC Cambuur Silvester van der Water hat hege ferwachtings. Fan himsels en fan SC Cambuur. Hy is te gast yn de sportcast en we belje mei Gerald van den Belt.
It sil tiid kostje foardat Kees van Wonderen sc Hearrenfean nei syn hân set hat. Dat fertelt de nije trainer fan de klup yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
Earefoarsitter Riemer van der Velde hat in soad fertrouwen yn Kees van Wonderen. Sneon stie de nije trainer fan sc Hearrenfean foar it earst op it trainingsfjild by de Feansters.
Henk de Jong is nei in rêstperioade fan in lyts healjier werom by SC Cambuur. De lêste wiken is hy op de eftergrûn al drok dwaande en woansdei stiet er foar it earst wer op it fjild.
Mei syn 70 jier hat Jan Dolstra ferline wike ôfskie naam fan it KNVB. Dolstra wie yn de jierren 80 en 90 ien fan de beste assistint-skiedsrjochters fan Nederlân. Yn de Sportcaat ferteld hy oer syn belevenissen, wêrûnder in wedstriid mei Diego Armando Maradona.
SC Cambuur hat fia Henk de Jong frege oft Mark Diemers derfoar iepen stiet om werom te kommen. Dat fertelt de 28-jierrige middenfjilder yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
Assistint-skiedsrjochter Jan de Vries fan Gytsjerk is noch altyd oan it bekommen. Snein waard er by de wedstriid tusken ADO Den Haag en Excelsior bekûgele mei muntsjes, oanstekkers en sels in lyts fleske drank.
Ronnie Pander hat noch altyd sliepeleaze nachten fan syn fuortgean by sc Hearrenfean. Nei 22 jier komt der in ein oan de gearwurking en dat docht 'hartstikke sear', seit Pander yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
Hege sportive piken en djippe persoanlike dalen. Sa kin it seizoen fan SC Cambuur it beste gearfette wurde. Yn in ekstra SportCast wurdt werom sjoen op it jier fan de Ljouwerters mei fjouwer haadpersoanen.
Der komt in dream út foar Andries Noppert mei it ûndertekenjen fan syn kontrakt by sc Hearrenfean. Yn de SportCast fan Omrop Fryslân fertelt er wêrom.
Yn Rotterdam rinne se de polonêze troch it finaleplak fan Feyenoord yn de Conference League. sc Hearrenfean soe dat toernoai fia de play-offs ek helje kinne, mar neffens sportferslachjouwer Arjen de Boer moat it dat net wolle.
Ald-trainer Johnny Jansen fan sc Hearrenfean hat snein de Fryske derby tusken syn âld-klup en SC Cambuur fanôf syn eigen bank sjoen. Hy koe it noch net oer syn hert ferkrije om nei it Abe Lenstra Stadion te gean.